Door Scholieren.com te bezoeken geef je toestemming voor het gebruik van cookies. Ben je onder de 16? Zorg dan dat je toestemming van je ouders hebt om onze site te bezoeken. Lees meer over je privacy (voor het laatst bijgewerkt op 25 mei 2018). Akkoord Instellingen aanpassen

Oorlogswinter

Jan Terlouw

1972

169

1 uit 5

4.1 / 10
1e klas vwo
  • anoniem
  • Fries
  • 850 woorden
  • 5528 keer
    2 deze maand
  • 26 november 2001
Oarlochswinter

De titel fan it boek dat ik lezen ha, is: Oarlochswinter. De skriuwer is Jan Terlouw.
It boek is utjoen yn 1972 by Lemniscaat. It sjenre fan it boek is oarloch. De titel Oarlochswinter had te meitsjen mei de oarloch van 1940 –1945 => de twadde wraldoarloch. It boek spilet him of yn’e “hongerwinter” fan 1944-1945. De leste oarlochswinter….

De haadpersoan yn dit boek is Michiel. Hy hat blauwe eagen. Mear wurd er net oer syn uterlik sein. Michiel is in slimme, restige jonge dy’t goed in geheim bewarje kin. Hy is noch maar krekt sechstjin en sit no al yn it ferset. Hy is beskieden maar wit altyd presiis wat er wol.

De byfiguren binne: Jack, Erica en Durk. Oer har uterlik wurd neat ferteld.
Jack: Jack is in Ingelske piloat dy’t mei syn Spitfire delstoarten is yn it Dagdaler bosk. Hy hong yn in beam mei in brutsen skonk. Jack is er troch Durk uthelle en dy hat him yn in hoale yn it bosk ferstoppe.
Erica: Erica is it suske fan Michiel en is ferliefd wurden op Jack. Se lit har net kommandearje troch har broer.
Durk: Durk sit yn it ferset en wurd pakt as hy en twa oare mannen in distribusje kantoar oerfalle. Dochs kin er untkomme en hy komt wer werom nei it Dagdaler bosk om der under te duken. Syn teannen binne skeef groeit en hy sit under de plakken fan it marteljen.

It ferhaal spilet him of yn it jier 1944-1945. It measte yn’e winter fan 1945. Yn it doarp De Vlank en it bosk dat der flakby leit: it Dagdaler bosk.It ferhaal duorret om-ende-by in jier.

It grutste probleem yn it boek is dat er ferrie yn it spul is. As Michiel werris mei wat fersetwurk oan ‘e gong is, bard der hieltyd wer wat sadat Michiel tinkt dat er sels wat fout docht. Mar wannear’t hy alles neigiet fan wat er de leste tiid bard is, wit er yniens wa’t de ferrieder is……
It ferhaal begjint yn’e jun om in oer of acht as Michiel sunder ljocht oer de strjitte rint mei yn’e tas in pear flessen molke. Der knapt ien. Yniens gjit er in ljocht oan. Michiel skrikt him rot. Mar dan sjocht er dat it syn buorjonge Durk is .
Oan it ein fan it ferhaal wurd de ferrieder pakt maar hy untsnapt wer. Hy komt lykwols net fier want hy rekket dea troch in untploffing fan munysjeweinen. Nei in pear wiken komme de Ingelsen yn it doarp. No binne se frij.

Durk komt nei Michiel ta. Hy seit dat hy en noch twa oaren it distribusje kantoar yn Lagezande oerfallen gean. Michiel kriget in brief die’t hy oan dove Bertus jaan moat as it fout gean sil. En it gjit fout. De dei derop wurd Durk oppakt. Michiel sil de brief nei dove Bertus bringe. Mar dy dei kin hy er net komme. As hy dan eins de tiid hat om de brief nei Bertus ta te bringen, docht bliken dat dove Bertus ek oppakt is. It moast wol in wichtiche brief weze dus beslut Michiel om him te lezen. Yn de brief stiet dat Durk yn it Dagdaler bosk in Ingelske piloat ferstopt hat: Jack. Michiel giet er nei ta en sjocht dat Jack er min oan ta is. Michiel jout him iten en hellet syn suske Erica erby . Erica had yn’e ferpleging sitten en dy soarget erfoar dat de wun hurd hiele sil.
Michiel snapt noch hieltyd net wa’t de ferrieder is. Dan wurd op in dei yn it Dagdaler bosk in Dutske soldaat fun.Hy is fermoarde. Syn kommandant seit dat as er oer 24 oeren noch net wit wa’t de dieder is, hy tsien gizelers dea sjitte sil. En dat bard ek. Se sjitte Michiel syn heit en noch fjouwer oaren dea. De oare fiif mannen litte se gean. Op in kear as Michiel werris nei Jack giet, sjocht er dat Durk ek yn de hoale sit. Durk hat allegear wunen en kin hast net mear rinne. Hy ferteld syn ferhaal en no is eltsenien der seker fan dat er ferrie yn it spul is. Undertusken wurd Jack hieltyd unresticher om’t er ek wol werris ut de hoale wol. Michiel regelt mei omke Ben in fluchtwei nei Ingelan ta .
De dei dat Jack mei omke Ben meigiet, sit Michiel te tinken wat er allegear yn’e oarloch bard is. Hy tinkt oertinkt alles en wol witte wa’t de ferrieder is. Hy heart syn broerke en mem praten oer in jas dy’t fuort is. Dan wit er wa’t de dieder is. Hy springt op syn fiets en giet sa hurd as er kin nei it Dagdaler bosk. As er noch maar op tiid is……

Ik fyn Oarlochswinter in hiel moai boek. It is in spannend boek en ek wol begrutlik omdat de heit fan Michiel en noch in protte oaren dea gean. Ik fyn it moaie fan dit boek dasto fanof it begin oant ’e mei it ein net witst wa’t de ferrieder is. It wurd sa lang moochlik utsteld. Ik kin dit boek oanriede oan alle bern dy’t fan spannende oarlochsferhalen halde.

Let op

De verslagen op Scholieren.com zijn gemaakt door middelbare scholieren en bedoeld als naslagwerk. Gebruik je hoofd en plagieer niet: je leraar weet ook dat Scholieren.com bestaat.

Heb je een aanvulling op dit verslag? Laat hem hier achter.

voeg reactie toe

4098

reacties

wat is dit voor een verslag
door je moeder (reageren) op 3 februari 2015 om 16:48

Welkom!

Goed dat je er bent. Scholieren.com is de plek waar scholieren elkaar helpen. Al onze informatie is gratis en openbaar. Met een profiel kun je méér:

snel zien welke verslagen je hebt bekeken
de verslagen die je liket terugvinden
snel uploaden en reacties achterlaten

Log in op Scholieren.com

Maak een profiel aan of log in om te stemmen.

Geef dit een cijfer

Hoge waardering

Marloes zeker weten goedZeker Weten Goed
Mearten de Weerd 7.2
Bas de Bruin 7.1
Frank 2e klas vwo7.0
sjoerd 2e klas vwo7.0
Goofy 3e klas havo7.0
Meer verslagen ›

Huiswerk

Stel je bent leraar en een leerling heeft zijn huiswerk niet gemaakt, wat doe je?
  • Snitchen bij ouders
  • Strafwerk schrijven, moest ik vroeger zelf ook
  • Weddenschap afsluiten om de leerling gemotiveerd te krijgen
  • Je negeert het. Eigen verantwoordelijkheid toch?